Brutsen noas by ferkearsrûzje en boeten foar scooterrider en automobiliste
By in ferkearsrûzje op de Dammeleane yn Ljouwert is in 22-jierrige frachtweinsjauffeur in brutsen noas slein. De plysje sjocht in 32-jierrige frou út Ljouwert as fertochte yn de mishanneling. Se sille har ynkoarten hearre, om út te finen wat der krekt gebeurd is.

Gjin rydbewiis
In 35-jierrige scooterrider út Ljouwert is freed syn scooter kwytrekke. Hy waard op de Siebe Schootstrjitte oan de kant set, om't hy gjin rydbewiis hat. Om't dit al de fjirde kear yn twa jier tiid wie, koe de dôfhûdige bestjoerder syn scooter ynleverje.

Drank op
In 43-jierrige automobiliste út Ljouwert is freedtenacht op de Bleekleane betrape op it riden mei drank op. De frou krige in boete fan 300 euro en mocht twa oeren net ride.