Ferlet fan mear frijwilligers by dellizzen grutste haakte tekken fan de wrâld

Foar it projekt 'De grootste gehaakte deken van de wereld' binne mear frijwilligers nedich. De organisaasje hat driuwend ferlet fan mear help fanwegen it waarme waar. De tekken moat oan 'e ein fan de dei klear wêze.
© Facebook, De grootste gehaakte deken van de wereld
Inisjatyfnimmer Esmeralda de Vries docht in oprop by Jacob Stelwagen
Yn Park Vijversburg by Tytsjerk wurdt freed drok wurke oan it dellizzen fan de tekkens, mar troch de waarmte moatte de frijwilligers inoar faker ôfwikselje om by te tanken. "We hebben meer mensen nodig om het tempo erin te houden", seit inisjatyfnimmer Esmeralda de Vries.
Oan 'e ein fan de dei moatte alle tekkens op it fjild útspraat wêze. "We zijn vanmorgen om acht uur begonnen en we gaan door tot alle 10.840 dekens liggen", seit De Vries. "Al is het tot laat in de avond, we gaan door en we zullen ze klaar hebben aan het eind van de dag."
De haakte tekkens yn de opslach © Omrop Fryslân
De tekkens wurde neist inoar lein op recycled plestik. Elke tekken mjit 1.40 by 2.00 meter en is sa'n 2,5-3 kilo swier. Minsken dy't meihelpe wolle, kinne har melde by de haadyngong fan Park Vijversburg of by de sydyngong neist it fytspaad tusken Ljouwert en Tytsjerk. De Vries riedt minsken wol oan in petsje, sinnebrânkrêm en wetter mei te nimmen.
De grutste haakte tekken fan de wrâld is dit wykein troch elkenien te bewûnderjen yn it park by Tytsjerk: sneon fan 10.00 oant 21.00 oere en snein tusken 10.00 en 17.00 oere.