Ald-sjoernalist Wibo van de Linde is ferstoarn
Ald-sjoernalist Wibo van de Linde is ferstoarn. Dat hat syn soan bekend makke. Van de Linde wenne yn Nijemardum.
Hy begûn syn sjoernalistieke karriêre by it Amerikaanse parseburo United Press International. By de NTS wie er letter ûnder oare ferslachjouwer en presintator. Van de Linde hat ek noch foar GPTV wurke. Van de Linde wie al langere tiid siik. Hy is 79 jier wurden.