Twa auto's en in trekker botse by Tsjummearum
By in oanriding tusken in trekker en twa auto's yn Tsjummearum is tongersdeitemoarn ien persoan ferwûne rekke. It ûngelok barde op de Swaerderwei.
Wat der krekt bard is, is noch ûndúdlik. Ien fan de automobilisten is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje hat in ûndersyk ynsteld.