NVM: wer minder Fryske huzen te keap set, prizen fan ferkochte huzen heger

Foar it fiifde fearnsjier op rige waarden der yn Fryslân minder huzen te keap set. Dat docht bliken út sifers fan makelersferiening NVM. Yn Fryslân stiene healwei it twadde fearnsjier by NVM-makelers 2.546 huzen te keap, dat binne der 1.263 minder as op itselde momint in jier earder.
© ANP
"Meer nieuwbouw blijft de komende jaren het adagium om de woningmarkt niet verder te laten vastlopen", seit foarsitter Albrecht Kok fan de Fryske ôfdieling fan de NVM. "Er wordt gelukkig meer gebouwd, maar door eerdere jaren met een lage productie krijgen we de achterstand de komende jaren niet weggewerkt."
In potinsjele keaper koe yn Fryslân dêrtroch gemiddeld kieze út seis huzen. In hûs gie gemiddeld nei 65 dagen fan de hân.

Gefolgen

It legere oanbod hat gefolgen foar de prizen. Dy binne yn fergeliking mei it earste fearnsjier fan dit jier gemiddeld mei 1,5 prosint omheech gien. In jier lyn wie de priistaname fiif prosint. Wa't yn Fryslân in hûs keapje wol, moat gemiddeld 213.600 euro deltelle.
Der binne wol regionale ferskillen op de wenningmerk. Yn bygelyks it noardeasten fan ús provinsje gie it tal wenningtransaksjes mei hast trije prosint omheech, wylst de prizen mei goed twa prosint nei ûnderen giene. Yn Súd-Fryslân waarden goed achttjin prosint minder huzen ferkocht, wylst hjir de prizen mei hast fiif prosint omheech giene.