Earste WK Frysk damjen giet troch
It earste wrâldkampioenskip Frysk damjen giet definityf troch. Dat hat de organisaasje woansdeitemiddei bekend makke.

It kampioenskip is fan 3 oant en mei 10 augustus yn it Ljouwerter stedhûs. Der steane 16 dielnimmers op de list, mar it publyk kin ek oan guon ûnderdielen meidwaan.
Op dy publykstoernoaien wurdt damd neffens de Italiaanske, Tsjechyske en Fryske regels. Dy binne op 8, 9 en 10 augustus. It toernoai is live te folgjen fia ynternet, mar publyk is ek wolkom.