Balk stjoert brânbrief oan gemeente oer nije regels ferkearsregelers
De regels foar ferkearsregelers yn De Fryske Marren moatte weromdraaid wurde, want mei de nije regels falt net te wurkjen. Dat stiet yn in brânbrief oan de gemeente fan ynwenners fan Balk dy't ûnder oare de feestwike, de Avondvierdaagse, de Lutskedagen en de keunstmerk organisearje.
De regels foar ferkearsregelers binne ein ferline jier oanpast. De eveneminte-organisaasje yn Balk sizze dat der no folle mear hannelingen nedich binne. De frijwilligers binne no mear tiid kwyt oan alle regeljouwing as dat se echt stekke kinne yn it organisearjen fan it evenemint sels.