Gjin ekstra jild provinsje foar Blokhúspoarte
De provinsje jout gjin oanfoljende subsydzje foar it fernijen fan de Blokhúspoarte yn Ljouwert. De provinsjale bydrage bliuwt by de 7,8 miljoen euro dy't ôfpraat is.
Deputearre Sander de Rouwe fynt dat eigener BOEi en de gemeente Ljouwert der ûnderling útkomme moatte. De nijbou fan de Blokhúspoarte falt sa'n 5 miljoen euro djoerder út as earst begrutte. It tekoart is 2,7 miljoen euro.
De ferbou fan de âlde finzenis leit al mear as in healjier stil. Eigener BOEi wol earst in oplossing foar it tekoart foardat de lêste wurksumheden wer oppakt wurde. Deputearre De Rouwe stelt dat de provinsje him maksimaal útrekt hat.
Deputearre Sander de Rouwe oer jild foar de Blokhúspoarte