Fryske fertochte No Surrender-saak mei nei hûs om saak te rêden
De ûndernimmer (60) út Snits dy't neffens justysje in rol spile by ôfparsingen troch leden fan de motorbinde No Surrender is op frije fuotten. De man mei syn proses yn frijheid ôfwachtsje, hat de rjochtbank besletten. De man is eigener fan in bedriuw yn Drachten dat op it punt stiet om fallyt ferklearre te wurden. De man mei nei hûs om syn saak te rêden.
De Snitser waard yn desimber oanhâlden yn it hûs fan de eardere No Surrenderbaas Henk Kuipers yn Emmen. Hy is sels gjin lid fan de motorbinde, justysje sjocht him as in 'saaklik partner' fan Kuipers. Justysje ferwyt him dat er saaklike konflikten oplosse liet troch Kuipers. Sels seit er dat dat bot oerdreaun is.
Twa wiken lyn wiisde de rjochtbank in fersyk om frijlitting noch ôf omdat de fertinkingen tsjin de man te slim wiene. No't syn saak fallyt driget te gean en fjirtich húshâldens troffen driigje te wurden, mei er nei hûs om fan alles te regeljen. Hy mei yn de tuskentiid gjin kontakt sykje mei Kuipers of oare (eks-)No Surrenderleden.