Mantelsoargers Harns kritysk oer swiere belêsting
De gemeente Harns sil tegearre mei De Skûle Welzijn en oare soarchoanbieders in deibesteging foar âlderein en demintearjenden ynrjochtsje.
De foarsjenning moat de mantelsoargers ûntlêste. Dy ha yn in ûndersyk fan de Inspectie Gezondheidszorg en Jeugd oanjûn dat se te swier belêste wurde. De mantelsoargers binne dêrom kritysk oer de thússoarch dy't yn Harns oanbean wurdt.
De doelgroep sels is wol tefreden oer de thússoarch. Der is tiid foar in praatsje en in bakje kofje en der binne de âldere minsken bliid mei.
Wethâlder Hein Kuiken fan Harns