Folsleine bestjoer SC Frjentsjer stapt ynkoarten op

It folsleine bestjoer fan SC Frjentsjer stapt op koarte termyn op. Oant septimber bliuwe de bestjoersleden fan de fuotbalklup sitten. Dêrnei hâlde se op om't se har net goed behannele fiele.
© Omrop Fryslân
Dat hat it bestjoer moandeitejûn bekend makke op in ynformaasjegearkomste foar de leden. Tiisdei sil it bestjoer mei in fierdere taljochting komme.
It is al in moanne ûnrêstich by de fuotbalklup. Mids juny stapten ek al twa bestjoersleden op. De diskusje oer it sneons- en sneinsfuotbal wie dêr de reden fan.