Damwâld hat nije bynamme: Cichorei City
Om mear toeristen nei Damwâld te lûken, hat it doarp in nije bynamme: Cichorei City. It doarp wol himsels sa mear op de kaart sette. Sûkerei, in soart kofje, waard eartiids teeld yn it doarp. Iepenloftmuseum De Sûkerei lit de skiednis fan it doarp en de sûkerei sjen. Boargemaster Klaas Agricola fan de gemeente Dantumadiel wurdt ambassadeur fan Cichorei City.