Iepen dei folkstún om jongerein te lûken
Folkstúnferiening 'Grouw' wol jongeren ynteressearje yn sûn iten. Dêrom hâldt de feriening op moandeitemiddei in iepen middei. In kok makket spesjaal foar de bern in grientebarbecue en leden fan it kompleks jouwe útlis oer de ferskate grienten dy't ferboud wurde.

Folkstúnferiening 'Grouw' hat sa'n fyftich leden. Op in pear nei ha de leden allegearre in stikje tún. Tagelyk mei de iepen middei presintearret de feriening ek in nije berging op it kompleks.
De nijbou moast ferline jier noch útsteld wurde fanwegen briedende fûgels. De folkstúntsjes fan de feriening lizze tusken Grou en Jirnsum, njonken de rioelsuveringsynstallaasje.
Henk Volbeda fan de folkstún
Drieseré Dijkstra fan de folkstún