Drûchte funest foar ierappels en finansjele strop foar bouboeren
Bouboeren yn Fryslân ha in soad skea fan de drûchte. Foaral boeren dy't it lân fol ha mei ierappels, hawwe te lijen fan it gebrek oan reinwetter. De skea kin oprinne ta in pear tûzen euro de bunder, is de ferwachting fan bouboer Jaap Poortinga fan Kollum. As boeren fjirtich bunder of mear ierappelgrûn ha, rint de skea op boppe de hunderttûzen euro.

Bouboer Jaap Poortinga fan Kollum oer de drûchte.
Poortinga kin it him net heuge wannear't it foar it lêst sa drûch west hat. Fan de âldere generaasje heart er wolris ferhalen fan de hite simmer yn 1976. Kwa drûchte komt dit jier yn de buert, seit er.
Sûnt april hat it net mear echt reind. In gelok by in ûngelok is dat it yn hiel Europa drûch is, sadat de eksport mooglik noch wat opleverje kin.