Keeper Jan Bekkema bliuwt langer by SC Hearrenfean

Keeper Jan Bekkema hat moandei syn kontrakt by SC Hearrenfean mei in jier ferlinge. De 22-jierrige Drachtster leit dêrtroch oant de simmer fan 2019 fêst by de Feanster eredifyzjeklup. De linkspoat begûn by it ûnder de 15 team yn de jeugdoplieding fan SC Hearrenfean. Foarige simmer tekene er syn earste profkontrakt, dat moandei dus mei in jier ferlinge waard.
SC Hearrenfean is foar it nije seizoen noch op syk nei in nije keeper, njonken earste keeper Warner Hahn en Jan Bekkema.