Dakdekker rekket ferwûne nei't gasflesse ûntploft yn Sint-Anne

In dakdekker is sneintemiddei yn Sint-Anne lichtferwûne rekke nei't syn gasflesse fan it dak foel en ûntplofte. Ambulânsepersoniel hat de man neisjoen op ferwûningen. De brânwacht hat de brân blust dy't ûntstie troch de ûntplofte gasflesse.
© René Wiegmink
It slachtoffer wie sneintemiddei op in dak lâns de Nieuwebildtdijk dwaande, doe't er efkes fan it dak ôf gie. Yn dy tuskentiid foel sawol de gasflesse as de brâner yn in leger steande papierkontener. Hjirby ûntplofte de gasflesse. By syn poging om de brân te blussen, rekke de dakdekker ferwûne oan syn hân. Hy is dêrnei troch ambulânsepersoniel neisjoen. De ek oproppen brânwacht hie de brân yn de papierkontener gau ûnder kontrôle.