Tsjek myn sjipkist: de finale!
Tsjek myn sjipkist: de finale!
Yn de finale fan Tsjek myn sjipkist moatte de trije teams yn de Elfstedenhal yn Ljouwert, mei harren sjipkiste in parkoers ride.
Dat freget in soad behindichheid, want de tiid dy't de teams hjirmei helje én de behelle punten yn de foarige ôfleveringen bepale it startplak fan de allesbepalende 100 meter race. Spannend!

'Tsjek myn sjipkist' wurdt makke yn it ramt fan Fossyl Frij Fryslân. Hiel Fryslân wurdt de earste twa wiken fan july oproppen om ferfiersmiddelen op fossile brânstof stean te litten en op syk te gean nei duorsume alternativen.
'Tsjek myn sjipkist' bestiet út seis ôfleveringen. Yn de earste fiif ôfleveringen wurkje trije teams fan trije basisskoallen oan it bouwen fan in sjipkiste. Fierder sjogge we wat fossile brânstof no eins is, wêrom't it sa skealik is foar it miljeu en wat duorsume alternativen wêze kinne.
'Tsjek myn sjipkist' is alle sneinen fan 17.30 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. Ek te sjen op woansdei en freed om 10.30, 11.30, 12.30 en 16.00 oere. Online is it programma te sjen op Skoal.tv.