Swimfun De Jouwer ûntromme, testwykein fan fernijd swimbad ûnderbrutsen
Swimbad Swimfun op De Jouwer is snein previntyf ûntromme fanwegen problemen mei de wetterôffier. It swimbad hie dit wykein it testwykein, nei de yngreven ferbouwing fan de ôfrûne sân wiken. Healwei de sneintemiddei die lykwols bliken dat it wetter op de swimbadterrassen en yn klaairomtes net mear fuortstreame koe. Hjirop is besletten it swimbad te ûntromjen en it testwykein te beëinigjen.

De ûntromming ferrûn rêstich en de 350 oanwêzige swimbadbesikers toanden begryp foar de situaasje, sa seit de swimbadlieding. De besikers hawwe harren yntreejild weromkrigen by it ferlitten fan it swimbad.
Prop yn rioel
It probleem wie in prop yn it rioel, sa die bliken nei ûndersyk. Nei ferwachting giet it swimbad moandeitemoarn om 8.00 oere wer iepen.