Gjin asbest frijkaam by restaurantbrân Harns

By de brân fan sneontenacht yn restaurant de Twee Broertjes yn Harns is gjin asbest frijkaam. It gebiet is wer frij tagonklik. De terrassen op de Grote Bredeplaats binne allegear wer iepen, útsein dat fan de Twee Broertjes. De reek- en wetterskea is grut yn it pân en de boppeste ferdjipping is hielendal fernield.
Gjin asbest frijkaam by restaurantbrân Harns
De brân is sneontenacht ûntstien op it dakterras fan de boppeste ferdjipping. Doe't de brân ûntdutsen waard, koene de bewenners fan it pân op 'e tiid it pân út komme. Wat de oarsaak fan de brân is, is noch net bekend.

Eigener is bot oandien

De eigener fan de Twee Broertjes is bot oandien. It is in jonge ûndernimmer fan 22 dy't noch net sa lang dwaande wie mei de saak. Syn heit wie sneintemiddei de boel oan it oprêden. Ek hy is oandien. Se wolle sa gau as mooglik de saak wer iepen hawwe, mar moatte earst noch fan alles regelje en dizze tsjinslach ferwurkje.

Boargemaster: skrik om it hert

Boargemaster Roel Sluiter fan Harns wie sneontenacht by de brân oanwêzich. Doe't hy de oprop krige, hie hy de skrik om it hert. In brân yn de tichtbeboude binnenstêd is altyd syn grutste soarch. Doe't de brân gau ûnder kontrôle wie, wie er ferromme.
De brânwacht wie mei ferskate korpsen oanwêzich: Harns, Frjentsjer, Boalsert en Wytmarsum wiene útriden. Achterôf mear as genôch, mar neffens de boargemaster kinne je gjin inkeld risiko nimme by dit soart brannen. Der wenje in protte minsken boppe de winkels en hoarekasaken.