Van Heck hat oplossing foar Taiske jonges: minsken en materieel geane derhinne
Pompbedriuw Van Heck út Noardwâlde stjoert snein twa meiwurkers en materieel nei Tailân. Dûkers binne sneintemoarn begûn mei de rêding fan de tolve Taiske fuotballers en har trainer út in ûnderstrûpte grot te heljen.

Se sitte sûnt 23 juny fêst yn de grot. Mochten de dûkers net ynde missy slagje, dan hat it bedriuw mooglik in oplossing fûn. In test dy't se sneon útfierd ha, wie suksesfol. It bedriuw is frege om it guod te stjoeren. Yn Noardwâlde binne se drok mei de tarieding en it materieel en de minsken sille ein fan de middei fan Schiphol fleane.
Heveloplossing
De oplossing dy't by Van Heck betocht is, is in 'heveloplossing'. Dêrby moat wetter fuortpompt wurde mei help fan natuerlik ferrin en it fakuüm sûgen fan wetter.
"Denk hierbij aan het inzetten van een rietje in een brandstoftank als iemand de verkeerde brandstof heeft getankt. Als je aan het rietje in de tank zuigt, begin het te stromen. Wij denken dat we dat met behulp van slangen kunnen realiseren," seit in wurdfierder. "Maar we kunnen de situatie natuurlijk niet exact nabootsen."
Wannear't se de oplossing ynsette kinne, is noch de fraach. "Ze zullen maandag rond 12.00 uur Nederlandse tijd bij de grot zijn. We hopen dat we daar zo snel mogelijk aan de slag kunnen, maar dat is ook afhankelijk van de reddingsoperatie van de duikers. Als die daar nog binnen zijn, kunnen wij niet beginnen."