Drokke nacht foar Fryske brânwacht: fiif brannen yn de provinsje
Bylden fan de brannen yn Harns, Appelskea en Sint-Nyk en Ingrid Weert fan de brânwacht fertelt deroer
De brânwacht hat in ekstreem drokke sneontenacht hân mei fiif brannen ferspraat oer de provinsje. By de brannen binne gjin minsken of bisten ferwûne rekke. Brânwachtwurdfierder Ingrid Weert sprekt fan in 'hektyske nacht.'

Harns
Yn Harns ûntstie in útslaande brân boppe yn it dak fan restaurant De Twee Broertjes oan de Grote Bredeplaats. Mei ûnder oare twa heechwurkers waard de brân bestriden. It gebou rûn boppe-yn, dêr't wenne wurdt, in soad skea op.
Under yn it restaurant wie benammen reek- en wetterskea. De brân waard fan middelbrân al gau opskaald nei grutte brân omdat de gebouwen ticht tsjin elkoar stean yn de binnenstêd. In foarbygonger seach it krekt nei trije oere nachts en alarmearre de helptsjinsten. In spesjalisearre bedriuw siket noch út oft de asbest yn it gebou dêr ek bûten telâne kaam is.

Appelskea
Yn Appelskea wie in grutte, útslaande brân yn ytkafee Oud Duinenzathe. Trochdat de brânwacht der hiel gau by wie nei de melding om likernôch 3.20 oere bleau de brân beheind ta twa skuorren. It wenhûs koe rêden wurde. Wol hat it reek- en wetterskea oprûn. Der wenne ien persoan yn it hûs, dy't mei de skrik frij kaam.

Sint-Nyk
Yn Sint-Nyk moast de brânwacht yn aksje komme omdat in betize persoan syn appartemint yn de brân stutsen hie. Ek hat er syn ynboel nei bûten goaid. Dy melding kaam om eefkes nei fjouwer oere moarns binnen.
Seis oare minsken moasten harren apparteminten oan De Buffer tydlik ferlitte. De betize persoan is troch de plysje meinaam foar ûndersyk. It appartemint fan de persoan hat behoarlik skea oprûn. De oare bewenners koene wer werom nei harren hûs.

De Pein
Op De Pein oan de Leyensloane wie de ynset fan de brânwacht hurd nedich om foar te kommen dat in útslaande brân yn in skuorre oersloech nei in skuorre en wenning dêrneist. De earste melding kaam om likernôch 1.45 oere binnen. De brân wie gau ûnder kontrôle wêrtroch't dy beheind bleaun is ta de iene skuorre.
Eagmaryp
De earste behoarlik grutte brân begûn om 23.30 oere oan de Graverij yn Eagmaryp. Dêr ûntstie brân yn it melklokaal fan in stâl. De brân is beheind bleaun ta dy stâl dêr't gjin bisten yn sieten. De brânwacht wist foar te kommen dat it fjoer nei oare gebouwen oersloech. Omwenners waard wol frege om ruten te sluten, want der kaam in soad reek ôf.