Famke ferwûne nei oanriding yn Dokkum
Op de Kobbe yn Dokkum is sneon om healwei trijen in famke op de fyts ferwûne rekke by in ûngelok. In auto fleach út de bocht en skepte it famke. Se kaam hjirtroch hurd te fallen. De ambulânse en plysje kamen mei spoed nei it plak fan it ûngelok ta om help te ferlienen.

It famke is troch it ambulânsepersoniel neisjoen en oerbrocht nei it sikehûs. De Verkeersongevallen Analyse fan de plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngefal.