Fryslân ferliest twakamp fierljeppen mei royaal ferskil fan Hollân
De Fryske fierljeppers hawwe sneon yn Linschoten mei grut ferskil de twakamp fierljeppen ferlern fan de ljeppers út Hollân. Yn totaal sprongen de Hollânske ljeppers 18.69 meter fierder as de Friezen. Dit is in nij rekôr.
Fryslân ferliest twakamp fierljeppen mei royaal ferskil fan Hollân
Senioaren
By de senioaren gie de winst nei Jaco de Groot út Woerden, dy't 21.37 meter sprong. Ek it twadde plak wie foar in Hollanner, Erwin Timmerarends, dy't 21.08 sprong. It tredde plak wie wol foar in Fries. Sytse Bokma fan Hylpen ljepte nei 20.75 meter. Rian Baas út Utrecht waard fjirde (20.64 meter). Nard Brandsma fan Warkum einige as fiifde yn 20.51 meter.

Thewis Hobma
Sytse Bokma
Froulju
Ek de Hollânske froulju wiene oermachtich. Dymphie Baas - van Rooijen út Oudewater sprong nei 17.08 meter, foar Wendy Helmes (15.52 meter) en Kimberly Engelhard (15.29 meter). Marije Reitsma fan Drylts wie de bêste Friezinne op it fiifde plak. Se ljepte 13.96 meter.

Junioaren
By de junioaren wie de winst wol foar Fryslân. Freark Kramer fan It Heidenskip ljepte 19.20 meter en wie dêrmei better as Haastrechters Lucas van Eijk (19.08 meter) en Daniel Cluistra (18.36 meter). Jarno Hoekstra fan Drylts waard fiifde yn 18.03 meter.
Jonges
Rutger Haanstra fan It Heidenskip sprong by de jonges nei in nij persoanlik rekôr: 17.88 meter. Dat wie net genôch foar de winst, want Reinier Overbeek út Benschop wûn yn 18.59 meter. Timon de Haay út Lopik waard tredde, foar Abe-Luuk Stedehouder fan Drylts (16.59 meter).
Rutger Haanstra
Famkes
Ek by de famkes gie de winst nei in Hollânske. Demi Groothedde wie mei 14.89 meter de bêste, foar de Friezinnen Bente Vlas fan Heech (14.54 meter) en Femke Rispens fan Niehove (14.47 meter). Tirza Boschma fan Drylts waard fiifde mei in sprong fan 13.75 meter.
It totale ferskil tusken Hollân en Fryslân wie dizze edysje 18.69 meter. Dit is in nij rekôr.