8ste dag: wêr en hoe is dit evenemint te folgjen?
Op de achtste dei fan july is it safier: 8ste dag. It evenemint bestiet út in grutte kettingreaksje troch de binnenstêd fan Ljouwert. Mar leafst 47 skeakels foarmje dy reaksje. In hiel soad, dus wêr en hoe is alles te folgjen?

Omdat de kettingreaksje rap giet en der op sa'n soad plakken fan alles bart, is it ûnmooglik de rûte mei te rinnen. Wy hawwe op in rige setten hoe't je 8ste dag folgje kinne:
Mei de fiif oeren duorjende live-registraasje fan de 8ste dag makket Omrop Fryslân de grutste live-útstjoering út syn bestean. Kreatyf produsint Halbe Piter Claus jout oan dat dat ek útdagingen mei him mei bringt: ''Om't de kettingreaksje fan 8ste dag dwers troch de stêd rint, filmje wy alles folslein triedleas. Nije technyk makket dat gelokkich mooglik en wy brûke it yn it ekstreme. Wy dogge der dus alles oan om dit prachtige Fryske mienskipsprojekt goed sjen litte te kinnen oan de minsken thús en yn de stêd. Want de 8ste dag is wêr LF2018 eins oer giet: oer aksje en reaksje tusken minsken en organisaasjes dy't inoar oars net treffe.''
Want de 8ste dag is wêr LF2018 eins oer giet: oer aksje en reaksje.

Fiif tips út de 47 skeakels
Doppeketting, Aldehoustertsjerkhôf om 14.20 oere:
Oer de Aldehou wurdt in ketting fan 24.134 doppen yn ferskate kleuren hongen. Dy ketting moat it wrâldrekôr brekke. De doppen, alle 260.886, binne ynsammele troch Stichting Internationale Kinderhulp.
De Trouwerij, Ljouwerter Gemeentehûs om 14.43 oere:
Ek ûnderdiel fan de kettingreaksje is in wiere brulloft. It breidspear seit syn jawurd yn it Ljouwerter gemeentehûs foar de eagen fan hiel Fryslân.
Bisterace, Waagplein om 15.38 oere:
Op it Waagplein is in parkoers oersetten foar in race mei kij. Boargemaster Ferd Crone is de kij-coach by de bisterace-skeakel. Dairy Campus soarget foar de kij, dy't spesjaal foar 8ste dag in ferbliuw krije yn de binnenstêd. Wa soe winne? Ferd 1, Ferd 2 of Ferd 3?
Boekedomino, Blokhuisplein om 16.45 oere:
Op it plein sil besocht wurde it wrâldrekôr boekedomino te brekken. Mei 10.500 boeken wurdt der in grutte sliert fan 1,5 km makke dy't oer it plein, dwers troch dbieb einiget oan de oare kant fan it gebou.
Goudfiskmasine, WC Zaailand om 17.32 oere:
De lytste skeakel fan it gehiel is de goudfiskmasine. Trije trainde goudfisken swimme nei de oare kant fan harren kom wêrnei't de lêst mei syn noas tsjin in knopke oan druk. Tegearre soargje de fisken derfoar dat de kettingreaksje net stilfalt.

8ste dag is ûnderdiel fan LF2018, fergees tagonklik en tige geskikt foar bern. De kettingreaksje wurdt mooglik makke troch mear as 2.000 dielnimmers. Minsken kinne mear ynformaasje krije by it 8ste dag ynfopunt yn OBE, it taalpoadium fan Lân fan taal. Ek op de webside en Facebookpagina fan 8ste dag is it lêste nijs oer it evenemint te finen.
8ste dag wurdt op 8 july fan 13.00 oant 18.00 oere live útstjoerd troch Omrop Fryslân. Sjoch it programma op TV, Omropfryslan.nl op de Omrop-app. Dyn appke op TV werom sjen? Stjoer in berjocht fia de Omrop-app ûnder de útstjoering.