Omwenners fan de Tsjûkemar brûke keunst om mear gasten te lûken
In twadde Snitsermar hoecht it net te wurden, mar de Tsjûkemar fertsjinnet wol mear gasten as no. Dat fine ek in soad bewenners fan de streek. Om mear kultuer-toeristen te lûken is in permaninte kulturele fytsrûte om de mar hinne oanlein.

De rûte om de grutste mar fan Fryslân is bedoeld foar toeristen én foar de eigen ynwenners. De rûte waard freed iepene by Eastersee troch wethâlder Durk Durksz fan De Fryske Marren. Hy die dat troch by de âlde útspanning Brette Hoanne it earste goed ynpakte rûteboerd út de Tsjûkemar te fiskjen en op in beam te spikerjen. Durksz is goed te sprekken oer it inisjatyf.

Minsken dy't de rûte fuortendaliks fytse of kuierje wolle, falle mei de noas yn de bûter, want dit wykein is by de súdlike wâl fan de Tsjûkemar de keunstrûte 'Kunst en meer' te bewûnderjen. Dy waard tagelyk mei de fytsrûte iepene.
Bysûndere lokaasjes
Op sa'n sechstjin bysûndere lokaasjes lykas in gemaaltsje, tsjerken, in doarpshûs en in doarpskafee is dit wykein keunst te bewûnderjen fan keunstners út de streek, mar ek fan dêrbûten. Ek it eilân Marchjepôle yn de Tsjûkemar - mei de boat te berikken fan Eastersee - is ien fan de eksposysjelokaasjes.
It is it doel fan de organisaasje om in jierlikse tradysje fan de keunstrûte te meitsjen. Wethâlder Durksz is goed te sprekken oer it inisjatyf. "Yn Gaasterlân en op 'e Jouwer is al in soad keunst, mar dizze hoeke wie wat in wite flek. Ik fyn keunst en de natuer fan de Tsjûkemar in hiele moaie kombinaasje. Ik hoopje dat se dit trochsette."

Jon Visser en wethâlder Durk Durksz oer de Tsjûkemar
