Provinsje rommet ekstra hektaren yn foar bedriuweterreinen
De provinsje en de regio Noardeast-Fryslân hawwe meiïnoar ôfspraken makke oer de útjefte fan nije bedriuweterreinen. Dit dogge se om yn te spyljen op de oanlûkende ekonomy.

It giet om de gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel, Kollumerlân en Tytsjerksteradiel. Troch de ôfspraken kinne sy no better ynspringe op de groeiende fraach nei bedriuweterreinen. Trochdat it better giet mei de ekonomy is der flink mear fraach nei ekstra romte op bedriuweterreinen.
Nij konvenant
Yn it nije konvenant wurdt útgien fan in gemiddelde útjefte fan fiif hektare yn it jier, yn stee fan de goed trije hektare fan no. De fokus leit dêrby op de wichtichste regionale kearnen. Dat binne Dokkum, Burgum, Surhústerfean, Feanwâlden en it kluster Kollum-Bûtenpost.
De nije ôfspraken jilde yn earste ynstânsje oant en mei 2019. Dêrnei wurdt der evaluearre. Dêrmei biedt it konvenant romte yn te spyljen op bygelyks de effekten fan de Sintrale As.