Hôflânsbrêge yn Grou stikken, fjouwer wiken opkeard

De Hôflânsbrêge yn de J.W. de Visserwei yn Grou is fjouwer wiken lang opkeard foar al it ferkear. De brêge stiet iepen, skipfeartferkear kin der dus wol gewoan troch.
De haadlagers fan de brêge binne stikken en moatte ferfongen wurde, sa meldt de gemeente Ljouwert. It defekt is tongersdei nei foaren kaam by in kontrôle troch de technyske tsjinst. It ferkear wurdt mei buorden omlaat.