Waadfûns stelt miljoenen euro's beskikber foar nije projekten
It Waadfûns stelt acht miljoen euro beskikber foar nije projekten. "Met deze extra service willen we de kwaliteit en de hoeveelheid projecten in de Waddenregio vergroten", seit foarsitter Henk Staghouwer fan it Waadfûns.

De projekten moatte in ympuls jaan oan de ekology en ekonomy yn it Waadgebiet. Bedriuwen, belange-organisaasjes en lokale oerheden kinne in skot dwaan nei in subsydzje fan it fûns foar projekten. Dit kin fan begjin desimber ôf. Der kin op syn meast 500.000 euro subsydzje it projekt oanfrege wurde.
Advys en stipe
It Waadfûns komt boppedat mei in nij inisjatyf om ekstra projekten fan de grûn te krijen. Minsken kinne advys en stipe ynhiere foar it opstellen fan in projektplan mei in goede finansjele ûnderbouwing.
Om yn 'e beneaming te kommen moat in projekt op syn minst oer ien fan de acht tema's fan it Waadfûns gean. Dat binne ûnder oare duorsume rekreaasje en toerisme, boaiem, wetter en duorsume fiskerij.
Beoardieling
In kommisje fan saakkundigen beoardielet alle oanfragen en jout by it Waadfûns oan hokker projekt jild kriget en hoefolle. Foar inisjatyfnimmers fan projekten binne der yn septimber trije ynformaasje-byienkomsten.