Plysje warskôget foar ynbrekkers yn Bûtenpost en omkriten

De plysje Noardeast-Fryslân warskôget op Facebook foar ynbrekkers dy't de ôfrûne wiken taslein hawwe yn wenningen yn Bûtenpost en omkriten. De dieders komme de huzen yn fia ruten en doarren dy't net ôfsletten binne. Harren bút bestiet út ûnder oare mobile telefoans en beurzen.
Minsken dy't fuortgean, moatte ek mei it moaie waar de boel goed ôfslute, sa seit de plysje. Boppedat is it wichtich om doarren en ruten te sluten dy't maklik tagonklik en net direkt yn it sicht binne. Minsken dy't wat fertochts sjogge, wurdt oproppen fuortendaliks 112 te beljen. De plysje kin dan direkt yn aksje komme, wat de kâns op oanhâlding grutter makket, sa stiet yn it boadskip op Facebook.