Bewenners net thús, asbestûndersyk noch net klear
Alle bewenners fan de flat oan it Anjenplein yn Ljouwert kinne noch net op harren balkon. Nei in brân op de boppeste ferdjipping fan de flat kaam ôfrûne tongersdei asbest op balkons. Hast alle balkons binne yntusken ynspektearre en foar in diel is de oantroffen asbest ek al opromme.

Fan fjouwer flats binne de balkons net tagonklik omdat de bewenners net thús binne. Neffens wurdfierder Annemarieke Voortman fan wenningkorporaasje WoonFriesland moatte dochs alle balkons kontrolearre wêze en de oantroffen asbest opromme foar't de bewenners der wer op kinne.