Sander Arends nei twadde ronde op Wimbledon

Tennisser Sander Arends is troch nei de twadde ronde fan Wimbledon. De Ljouwerter en syn dûbeldmaat Matwé Middelkoop wûnen tongersdei yn in spannende partij mei 7-6 (5), 7-6 (3) en 7-6 (2) fan Jeevan Nedunchezhiyan út India en de Amerikaan Austin Krajicek. It wie de earste oerwinning op in Grand Slam-toernoai yn Arends syn karriêre.
© www.orange-pictures.nl
Beide duo's wiene lykweardich yn de earste set. Arends en Middelkoop hiene yn it begjin fan de wedstriid ien breakpoint, en by 6-5 wiene der twa setpoints op 'e opslach fan Nedunchezhiyan. Dy koe se beide fuortservearje en dêrom moast op 6-6 in tiebreak de beslissing jaan. Ek de tiebreak wie lang spannend, mar troch in skitterjende backhand fan Arends op 5-4 waard it ferskil makke.

Knappe follys

De twadde set begûn like spannend as de earste. Arends makke sa no en dan yndruk mei in pear knappe follys, wat him in soad applaus fan it Ingelske publyk opsmiet. By 4-4 wiene der ynienen twa breakpoints op de opslach fan Krajicek, mar Arends en Middelkoop koene de break net meitsje. Dêrnei wiene der foar beide koppels noch mear breakpoints, mar op 'e nij moast in tiebreak de beslissing bringe. Dêryn pakten Arends en Middelkoop rap in foarsprong (5-1) en dat soarge ek foar winst yn de set.

It bliuwt lang spannend

De spanning yn de wedstriid waard der nei de earste twa sets net minder om. Beide koppels pakten oant 5-4 ienfâldich harren eigen opslachbeurten. By dy stân moast Austin Krajicek opslaan, mar in pear machtige returns fan Arends en Middelkoop soargen foar twa matchpoints. Dochs slagge it Krajicek om dy fuort te slaan. Twa games letter wiene der op 'e opslach fan Nedunchezhiyan sels trije matchpoints (0-40), mar op 'e nij koene Arends en Middelkoop it net ôfmeitsje.
Yn de tiebreak wie der wer in rappe foarsprong foar it Nederlânske duo (4-1), en wer koene se dat omsette yn winst fan de tiebreak en dus ek de partij.
De partij yn sifers © Livescore Wimbledon

Twadde ronde

Sander Arends en Matwé Middelkoop spylje nei alle gedachten sneon de twadde ronde. Harren tsjinstanners binne dan Mike Bryan en Jack Sock út Amearika. Sy pakten de winst tsjin de Italianen Bracciali en Seppi.
It is foar Sander Arends de twadde kear dat er op Wimbledon spilet. Ferline jier ferlear er yn de earste ronde. De Sweden Johan Brunström en Andreas Siljeström wiene doe yn in maratonpartij mei 6-7, 6-1, 4-6, 7-6, en 12-10 te sterk foar Arends en syn partner Hsien-Yin Peng.