Peter de Jong: Myn libben is rêden troch Lifelines
Foar de wittenskip hat Lifelines in belang mar ek foar guon minsken dy't oan it ûndersyk meidien hawwe. Peter de Jong is ien fan harren. De âld-foarsitter fan de SKS die yn 2007 mei oan it ûndersyk fan Lifelines. Gewoan, omdat er it wichtich fûn foar de wittenskip en ek wolris in check hawwe woe fan syn sûnens.

Peter de Jong oer Lifelines
"Doe waard konstatearre dat ik in foarm fan leukemy hie. Troch Lifelines koe ik op in adekwate wize behannele wurde. Ik fielde my net siik, doe't ik fan de húsarts de útnûging krige om mei te dwaan mei Lifelines. "
De meidieling kaam hurd oan: "It docht in soad mei jo, want jo krije de meidieling dat jo behoarlik siik binne. Gelokkich hie ik de groanyske foarm dy't goed te behanneljen is. Ik krige medisinen. De sykte wie ûnder kontrôle."
Lifelines De Jong
Genêzen
Mar nei in pear jier die bliken dat De Jong resistint wie foar it medisyn. Oare medisinen holpen ek net mear. De iennige mooglikheid wie in stamseltransplantaasje. Dy hat er yn juny 2012 hân. De Jong is no genêzen ferklearre. "Dat Lifelines no dochs wer trochgean kin, is hartstikke goed nijs", seit De Jong.

Saakje Mulder
"De nije subsydzje is krúsjaal foar de wearde fan Lifelines", seit direkteur Saakje Mulder. "Yn dy sin binne wy rêden troch de steatssekretaris, de trije provinsjes, it UMCG en de Ryksuniversiteit Grins. Lifelines helpt net allinnich de minsken yn Noard-Nederlân by it sûn âlder wurden. "It jildt foar hiel Nederlân en sels de hiele wrâld. Mar seker ek foar Friezen sitte der eleminten yn dy't ûndersikers brûke kinne om minsken sûner te meitsjen. "
Unyk yn de wrâld
Wat Lifelines docht, safolle minsken folgje oer safolle jierren is unyk yn de wrâld, fertelt Saakje Mulder. Der binne wol oare gruttere ûndersiken, mar dan hawwe se net trije generaasjes. "Wy binne echt unyk yn de wrâld."
Der hawwe 450 oanfragen west foar gegevens fan Lifelines en 250 publikaasjes. Ien fan de foarbylden fan sa'n ûndersyk is de relaasje longpufkes-obesitas. Fierders is ek bekend wurden troch ûndersyk mei Lifelinesgegevens dat in soad minsken dy't risikofaktoaren hawwe gjin previntive medikaasje krije. En kinst alles deryn belûke, fertelt Mulder. It kin om medyske dingen gean, mar ek om bygelyks wurkleazens.
"Wy fertsjinje gjin jild. Dêrom moatte wy ek subsydzje hawwe. It sammeljen fan de ynformaasje wurdt betelle troch de provinsjes, UMCG, de RUG en VWS. De ûndersiker betellet foar it brûken fan de data. Dêr meitsje wy gjin winst op." En dêrom is de ekstra finansiering needsaaklik, fynt Mulder.
Lifelines kin trochgean
It grutte sûnensûndersyk Lifelines kin trochgean oant 2024. Dat makket it ryk, de provinsjes, de universiteit fan Grins en it UMCG finansjeel mooglik. Lifelines folget de sûnens fan trije generaasjes yn Fryslân, Grinslân en Drinte. Troch de ynvestearring, kin it ûndersyk no de saneamde tredde faze yn.