Fytser swierferwûne nei oanriding yn Drachten
By in ûngelok op de Handwerkerszijde yn Drachten is tongersdeitemiddei in fytser swierferwûne rekke.

De fytser waard troch noch ûnbekende oarsaak skept troch in auto. Twa ambulânses en in traumahelikopter waarden oproppen foar de helpferliening. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok barre koe.