Ikeprosesjerûp rukt op: no ek yn Ljouwerter wyk Huzum

De ikeprosesjerûp lit him wer op mear plakken sjen. Yn Ljouwert binne santjin jonge iken oantaast troch de rûp. It is de earste kear dat de rûp yn Ljouwert opdûkt.
ikeprosesjerûp foar it earst yn Ljouwert © Gemeente Ljouwert
Wurdfierder fan de gemeente Ljouwert oer de ikeprosesjerûp
Fan de ikebeammen oan de Julianaleane, de Van Loonstrjitte en it Oostergoplein binne de blêden oanfretten. Der hingje nêsten mei rûpen en rûpe-aaikes. In spesjalisearre bedriuw hat sil ynkoarten de beammen leechsûge mei in spesjaal soart 'beamstofsûger.'