PvdA Tytsjerksteradiel wol jild dividintbelesting nei sosjaal domein

De fraksje fan de PvdA yn de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel wol mei in moasje it kolleezje oproppe om der by it Ryk op oan te trúnjen om ôf te sjen fan it skrassen fan de dividintbelesting foar bûtenlânske oandielhâlders.
Dêrmei is in bedrach muoid fan 1,6 miljard euro. Dat jild kin neffens de PvdA better ferdield wurde oer de gemeenten foar it sosjaal domein. Gemeenten komme nammentlik hieltyd mear jild tekoart foar de soarch en help oan jongeren, hendikepten en âlderen. Den Haag stelt dêrfoar minder budzjet beskikber, wylst de fraach nei dy soarch krekt tanimt.