NVM wol rêst oer Ljouwerter foarsitter werombringe

Der komt in saneamd mediationproses by de NVM om de rêst by de lanlike makelersferiening werom te bringen. Dat hat de lederied tongersdei unanym besletten. Woansdei kaam nei bûten dat der binnen de feriening in soad krityk is op foarsitter Ger Jaarsma út Ljouwert.
Ger Jaarsma © NVM
Der is in soad ûnrêst ûnder de leden oer it funksjonearjen fan Jaarsma. Yn in brief seine 3600 fan de 4000 NVM-leden it betrouwen yn him op. Yn in reaksje joech Jaarsma oan dat hy yn 2019 ophâldt. Hy makket syn termyn oant april 2019 ôf. De NVM wol fierder net reagearje op dit nije beslút.