Alde jeugdherberch Snits "bûtenkâns" foar Talant

De âlde jeugdherberch fan Snits hat lang om let wer in nije bestimming. Achtentweintich kliïnten fan Talant sille der tenei wenje. It jongereinhotel is goed tsien jier lyn boud oan de Houkesleat, mar helle nea de resultaten dy't ferwachte waarden en 2016 waarden de doarren sletten.
bewenners yn harren nije mienskiplike húskeamer © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It gebou, dat pas tsien jier âld is, is foar Talant in bûtenkâns, sa seit lokaasjehaad Sippie de Jong. It is ticht by de binnenstêd, mar dochs op in rêstige lokaasje. Der is genôch romte om neist de apparteminten ek noch romte frij te meitsjen foar deibesteging. Nei de simmer kinne dêr nochris santjin kliïnten te plak.
Wytse Vellinga seach by de âlde jeugdherberch
Liesbeth Huitema yn har nije wenning © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De measte nije bewenners kamen woansdei oan yn harren nije apparteminten. Sa ek Liesbeth Huitema, dy't ien fan de keamers oan de foarkant fan it gebou krigen hat. Neist in wenkeamer hat se in eigen keuken, badkeamer en fansels in sliepkeamer. Se is der wakker wiis mei dat se no in hûs ticht by it wetter hat, want se mei graach fiskje. Al moat se it goeie plakje noch wol efkes fine: "Ik moet eerst de dozen uitpakken. Maar ik doe rustig aan."
Wy hâlde ek wol fan fakânsje en feesten, dus de jeugdherberch paste ús wol.
Sippie de Jong, lokaasjehaad Talant
Peter Huisman set syn auto's te plak © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De kolleksje auto's fan Peter Huisman stiet al teplak. Tegearre mei syn mem is er drok dwaande de doazen út te pakken yn syn nije wente, mar it duorret noch wol efkes foar't alles goed stiet. De auto's, it bêd en de telefyzje hawwe lykwols harren definitive plak al. En ek hy is wiis mei syn útsicht. "As dan de boatsjes fan de Snitswike delkomme, dan kin ik se allegear goed sjen."