Carver komt mei nije assemblaazjefabryk nei Fryslân

It bedriuw Carver komt mei har nije assemblaazjefabryk nei Fryslân. Carver ûntwikkelet en produsearret in nij elektrysk en miljeufreonlik ferfiermiddel, ûnder deselde namme.
© ANP
CEO Anton Rosier fan Carver
Dit jier noch iepenet it bedriuw it assemblaazjefabryk, wêr't dy krekt komt yn Fryslân is noch net dúdlik. Carver hat dêrfoar twa lokaasjes op it each. Nei alle gedachten sil dat de kommende wiken bekend wurde. Yn novimber moat it fabryk iepenje.

Wurkgelegenheid

Neffens CEO Anton Rosier fan Carver sil it fabryk yn earste ynstânsje sa'n 25 nije arbeidsplakken opsmite. De kar foar Fryslân wie neffens him ienfâldich. ''Er gebeurt heel veel op het gebied van fossielvrije energie in de provincie. Dat past goed bij onze visie en wij verwachten dat we helemaal op onze plaats zijn in Fryslân.''