Zeinstra flagget kwartfinale tusken Sweden en Ingelân

Erwin Zeinstra flagget sneon op de kwartfinale fan it WK Fuotbal de kwartfinale tusken Sweden en Ingelân. It wurdt de fjirde wedstriid foar de assistint-skiedsrjochter út Dronryp.
© ANP
Zeinstra, dy't diel útmakket fan Team Kuipers, flagge op dit WK earder al de pûlwedstriden Egypte - Oerûguay, Brazilië - Kosta Rika en ôfrûne snein de achtste finale tusken Spanje en gastlân Ruslân.
De kwartfinale tusken Sweden en Ingelân set sneon om 16.00 oere útein yn de Samara Arena.