Bommelding SC Hearrenfean is tiisdeitejûn al binnenkaam

De bommelding by it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean is tiisdeitejûn al binnenkaam. Dat seit boargemaster Tjeerd van der Zwan fan It Hearrenfean. Earder waard sein dat de melding woansdeitemoarn betiid dien wie.
© ANP
Neffens Van der Zwan is yn goed oerlis mei de plysje it beslút naam om yn de nacht wol alfêst ûndersyk te dwaan, en dan moarns de omjouwing fan it fuotbalstadion ôf te setten en op te skalen. Dat beslút hie ek gefolgen foar learlingen fan it Friesland College njonken it stadion. Dy moasten eksamens dwaan.
De betide learlingen waarden nei hûs stjoerd. Pas om 9 oere moarns koene se fia in yngong oan de sydkant it gebou binnen. De kantoaren by Sportstêd waarden om alve oere hinne frijjûn, it stadion sels om ien oere middeis.

"In kronkel"

Neffens Van der Zwan past in bommelding hielendal net by de kultuer fan It Hearrenfean en de fuotbalklup. De dieder hat neffens de boargemaster "een kronkel in zijn hoofd". Hy hopet dan ek dat de plysje de dieder gau oppakt.