Potfisk net ferstoarn troch plestik, mar troch longûntstekking

De potfisk dy't ferline wike oanspielde by Den Helder is ferstoarn oan de gefolgen fan in longûntstekking yn beide longen. Dat skriuwt de NOS. It bist, dat by Harns út it wetter helle is en iepensnien waard, hie de kwaal nei alle gedachten al in skoft. Mooglik hat er dêrtroch navigaasjeproblemen krigen, wêrtroch't er yn de Noardsee bedarre.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Ferline wike wiene der al fermoedens dat it grutte bist oan in longûntstekking ferstoarn wie, mar no is it definityf. Ek is dúdlik wurden wat de potfisk yn de lêste dagen foar syn dea meimakke hat. "Het dier was heel erg ziek, en heeft daarom de vaste trekroute van de kudde verlaten", fertelt Lonneke IJsseldijk fan de fakulteit Diergeneeskunde yn Utrecht. "Het is een beetje speculeren of hij dat deed om alleen te gaan sterven of omdat hij te zwak was om verder mee te zwemmen."

Plestik

Der waard earst noch tocht dat de walfisk miskien troch plestik ferstoarn wie, mar dat is net it gefal. "In drie van de vijf potvissen die vorig jaar bij Texel aanspoelden, zat wel plastic. Maar in het dier dat in december bij Domburg aanspoelde, weer niet."
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
IJsseldijk wol noch útsykje hoe't de potfisk de longûntstekking oprûn hat, en oft it om in baktearje of in firus giet. Ek is de leeftiid fan it bist noch net bekend. "We weten al dat het een wat ouder dier was, omdat-ie zo groot was. Maar om precies vast te stellen hoe oud hij was, moeten we één van zijn tanden verder onderzoeken. Een potvis heeft jaarringen in zijn tanden. Op grond daarvan kunnen we zijn leeftijd achterhalen. Potvissen kunnen meer dan 60 jaar oud worden."