Abe Lenstra Stadion en Friesland College op It Hearrenfean ûntromme
Abe Lenstra Stadion en Friesland College op It Hearrenfean ûntromme
Troch in bommelding by Sportklup Hearrenfean binne de learlingen fan it Friesland College op It Hearrenfean troch de skoallieding nei hûs stjoerd. Dat seit in wurdfierder fan de skoalle. De lokaasje fan it Friesland College leit njonken it Abe Lenstra Stadion. It stadion en ek de gebouwen fan Sportstêd Hearrenfean binne ûntromme. Der stiet plysje foar de doar. Mei speurhûnen wurdt yn en om it stadion socht.
Het Friesland College is yn 'e tuskentiid wer frijjûn.
Foar de seleksje fan SC Hearrenfean hie it gjin gefolgen. De spilers ha in frije dei.

Parsefoarljochter Erik Kofman fan SC Hearrenfean
Plysjewurdfierder Paul Heidanus