Ekwadraat jout duorsume ideeën triuw yn 'e rêch
It duorsumheidsbedriuw Ekwadraat komt mei in inisjatyf, om ynnovaasjeprojekten dy't lizzen bliuwe by bedriuwen en ynstellingen, in triuw yn de rêch te jaan. Ekwadraat neamt it de ynnovaasje-challenge. Partijen dy't meidogge, krije training en ynstruksje om harren plannen konkreet te meitsjen en út te fieren.

Neffens Ekwadraatdirekteur, Douwe Faber, bliuwe in soad plannen lizzen, omdat bedriuwen der yn drokte fan alle dagen net oan ta komme. Hy hopet dat it inisjatyf bedriuwen oer de streek helpt en harren fernijingsbelied sa op wei helpt dat se der ek mei trochgean as it ekonomysk wat minder giet. Belangstellenden dy't oan de challenge meidwaan wolle, kinne harren melde op www.duurzame-innovatie-challenge.frl.
Douwe Faber fan Ekwadraat