Klips Zanger Rinus noch hieltyd offline: "Te zot voor woorden"

Zanger Rinus en syn manager sitte mei de hannen yn it hier. De klips fan de sjonger út Drachten binne al mear as twa wiken út de loft.
Zanger Rinus en Debora © YouTube
De fideo's fan Zanger Rinus binne sûnt de ferdwining, mear as twa wiken lyn, net beskikber. Wannear't der op klikt wurdt, krije besikers yn Nederlân de melding dat de ynhâld net beskikber is. Manager Dennis Franke fynt it bespotlik.

Kontakt mei YouTube

"Het is te zot voor woorden dat het nog niet is opgelost", lit Franke witte. Hy hat yntusken kontakt mei in fertsjintwurdiger fan YouTube. "Hij doet erg zijn best voor ons, maar het leverde nog niks op." Neffens Franke witte se sels ek net goed hoe't it kin.
De klips fan Zanger Rinus binne tige populêr. Der sitte nûmers by dy't al mear as sân miljoen kear besjoen binne. De sjonger hie foar it WK fuotbal ek in nûmer oer it team fan België opnaam. Ek dy klip is yn Nederlân net mear te sjen.