Grandcafé op It Hearrenfean hat it bêste terras fan Nederlân

't Gerecht op It Hearrenfean is earste wurden yn de Terras Top 100, sa makke de organisaasje fan it evenemint moandeitejûn bekend. Sawol de 'mystery visitors' as de faksjuery fûn dat it grandcafé oan it Gemeenteplein it bêste terras fan Nederlân hat.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Op it twadde plak einige Kasteel TerWorm yn Heerlen. In oare saak út Limburch waard tredde: Diverso yn Nederweert kompletearre it poadium.
"Alles is in goede staat en ziet er netjes uit. Zowel van binnen als van buiten is dit een heel mooi, goed onderhouden bedrijf. Het terras is kleurrijk en professioneel. Echt top", falt yn it rapport fan de sjuery te lêzen.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries

Publykspriis

Van Heeckeren Grandcafé op It Amelân is twadde wurden by de publykspriis fan de Terras Top 100. It grandcafé yn Nes einige efter Bistro de Oale Ste yn Nijverdal.
Bistro de Oale Ste krige 2.778 stimmen en bleau dêrmei Van Heeckeren Grandcafé rom foar. It grandcafé op It Amelân helle 2.298 stimmen binnen. Kafee Nobel, ek fan It Amelân, einige op it sechsde plak: 1.415 minsken stimden op it kafee yn Ballum.
't Gerecht helle ek de top tsien. It grandcafé op It Hearrenfean einige op it sânde plak mei 1.293 stimmen. Yn totaal hiene 36.000 minsken harren stim útbrocht.