LF2018-kettingevenemint 8ste dag kin noch in soad frijwilligers brûke

It LF2018-evenemint 8ste dag, dat takom snein plakfynt yn de Ljouwerter binnenstêd, kin noch in soad frijwilligers brûke. By 8ste dag wurkje tsientallen projekten mei elkoar oan in fiif oeren duorjende kulturele en sosjale kettingreaksje. Alle skeakels hawwe in eigen plakje op de rûte, en wurde yn beweging set troch de foarige skeakel.
© Omrop Fryslân
Om alles goed ferrinne te litten, binne der in soad frijwilligers nedich. En dy kin de organisaasje noch wol brûke. Benammen fan algemiene frijwilligers, lykas ynformaasjemeiwurkers, sjauffeurs, opbouwers en ôfbrekkers en cateringmeiwurkers is noch ferlet. En foar de matrassedomino siket de organisaasje ek noch minsken. De bedoeling is dat 350 minsken mei in matras op 'e rêge ien foar ien omfalle. De matrassen soargje foar in sachte landing.
Op de webside fan 8ste dag stiet mear ynformaasje oer wêr't frijwilligers oan meihelpe kinne. Oanmelde as frijwilliger kin hjir.
Fanwege de grutte en it tempo fan de kettingreaksje kinne besikers oan it evenemint lang net alle skeakels goed besjen, of de rûte op tempo meirinne. Dêrom wurdt de folsleine kettingreaksje filme troch Omrop Fryslân. Dit sil snein fan 13.00 oant 18.00 oere live te sjen wêze by Omrop Fryslân op TV, Omropfryslan.nl en op de Omrop-app.