UPDATE: Fermiste man wer teplak op De Lemmer
De man dy't sûnt sneontenacht fermist waard yn de haven fan De Lemmer, is wer teplak. Dat lit de plysje witte. De 24-jierrige man waard fermist sûnt sneontenacht, doe't er foar it lêst op in skip yn de haven sjoen waard. De plysje hat dêr socht mei sonarapparatuer yn it wetter. It is noch net dúdlik wêr't de man oantroffen is.