Jild abonnemint Elfwegentocht wurdt werombetelle
Minsken dy't by Arriva in spesjaal busabonnemint kocht hawwe foar de Elfwegentocht, krije harren jild werom. Dat hat de ferfiersmaatskippij tasein. Mei it abonnemint fan goed 20 euro koene minsken de kommende twa wike yn bussen mei blauwe disel, fossylfrij troch de provinsje reizgje. Mar de staking fan de bussjauffeurs makket dat de bussen net útride.
Arriva seit net oanjaan te kinnen hoefolle spesjale Elfwegentochtabonneminten ferkocht binne. De organisaasje fan de Elfwegentocht is bot teloarsteld oer de staking. De bussjauffeurs stake troch foar mear lean en minder wurkdruk.