Undúdlikheid op fjirde stakingsdei streekferfier: rydt myn bus wol of net?

It is foar reizgers yn it streekferfier de kommende dagen folslein ûndúdlik hokker bussen wol of net ride. It fakbûn CNV hat oankundige dit wykein net te staken yn it streekferfier, it FNV wol. Moandei wurdt der wol wer staakt troch de CNV-leden, mar allinnich bûten de spits.
It fakbûn FNV hat oankundige ek yn it wykein troch te staken, allinnich dogge net alle sjauffeurs dêr oan mei, om't se de wykeintaslach net misse wolle. Ferfierbedriuw Arriva hat op de webside in oersjoch fan de bussen dy't wol ride.
De treinen fan Arriva ride wol. Bussjauffeurs fan regionale ferfierbedriuwen fiere aksje foar mear lean, minder wurkdruk en ekstra skoft.