Omrop komt mei berneprogramma op de moarn: 'Sokkebalje'

Omrop Fryslân stjoert fan 1 july ôf moarns in nij berneprogramma út: 'Sokkebalje', in programma foar bern fan 2 oant en mei 10 jier. Sokkebalje is moarns tusken 6.00 en 9.00 oere te sjen. Omrop Fryslân komt mei it moarnsprogramma om't út ûndersyk bliken docht dat âlders mei jonge bern ferlet hawwe fan in berneprogramma ier op 'e moarn.
© Omrop Fryslân
Yn it ûndersyk, dat dien is yn opdracht fan Omrop Fryslân SkoalTV, joegen de measte âlders oan dat se graach moarns in berneprogramma op telefyzje hawwe wolle. Sa lit in respondint witte: "Moarns betiid is der net in soad op telefyzje foar myn dochter. Mar krekt dan hawwe wy der wol ferlet fan." Mei it nije deistige programma spilet Omrop Fryslân dêr op yn.

Alde en nije programma's

Sokkebalje is in magazineprogramma mei in samling fan âlde en nije programma's. It giet om programma's lykas Tomke, Bear Boeloe, Wat tekenje ik, Kening Hert & Harry Hazze, WitWat en Skik. Sokkebalje is in programma fan in oere. Dy lingte is ek keazen op basis fan de winsken fan âlders dy't út it ûndersyk nei foaren komme: "Moarns as myn soan wekker wurdt, set hy faak de telefyzje oan. Hy sjocht dan ûngefear in oere telefyzje en dêrnei begjinne wy rêstich mei de dei."

Sokkebalje is fan 1 july ôf alle dagen fan 6.00 oant 9.00 oere te sjen op telefyzje by Omrop Fryslân. Alle berneprogramma's fan Omrop Fryslân binne ek online te finen op Skoal.tv.